Dales 'ridlik tefreden'

© Omrop Fryslân
Boargemaster Dales fan Ljouwert fynt dat de demonstraasjes yn de binnenstêd sneon aardich goed ferrûn binne. Neffens Dales foel ek it geweld tusken de Cambuur-hooligans en de demonstranten fan 'e ynternasjonale sosjalisten en de SP wol ta.
De boargemaster seit it spitich te finen dat krekt in groepke dy't neat te krijen hie mei de demonstraasjes foar problemen soarge. Dales is goed te sprekken oer it plysje-optreden sneon.