Van der Wal sakket yn klassemint

05 sep 2004 - 12:35

Yn de Tour de l'Avenir hat Eelke van der Wal sneon syn fyfde plak yn it algemien klassemint ferspile. Yn de tredde etappe oer 206 kilometer yn Frankryk waard de Holwerter 128ste op 8 minuten en 31 tellen fan 'e Belgyske winner Steven Caethoven.

Klassemintslieder Thomas Dekker koe nei in slimme fal net fierder ride. De nije klassemintslieder is de Spaanske coureur Gustavo Cesar-Veloso.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)