Strielend Frjentsjer iepene

04 sep 2004 - 17:52

Boargemaster Haveman fan Frjentsjer hat sneon de fernijde Foarstrjitte en Raadhuisplein iepene. De strjitten meitsje diel út fan it projekt Strielend Frjentsjer. It is it doel om it stedshert mei in opknapbeurt gesellich en sfearfol te meitsjen.

It wurk is betelle troch gemeente en ûndernimmers. It is net de bedoeling fan it projekt om Frjentsjer mei Harns konkurreare te litten, sa waard der sneon yn Frjentsjer by sein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)