Nijpels: Wilders gjin liberaal

© Omrop Fryslân
CdK Nijpels tinkt dat de nije partij dy't eks-VVD-keamerlid Wilders opsette wol, ticht yn 'e buert komt fan in ekstreem-rjochtse partij. Nijpels, sels âld-fraksjefoarsitter fan 'e VVD, sei dit yn in radioprogramma fan BNR nijsradio.
Nijpels basearret him by dy útspraak op it ferneamde tsienpunteplan dat Wilders de ôfrûne simmer presintearre. Dat plan is neffens Nijpels 'in liberaal ûnweardich'.