Aksje om stipe Ryk te hâlden

© Omrop Fryslân
In delegaasje út it Noarden slacht byneed de tinte op yn it Binnenhof. Se wolle dúdlik meitsje dat de ekonomyske stipe oan it Noarden nei 2006 net ophâlde mei.
Ut it Noarden geane 15 septimber 500 minsken nei Den Haach om in petysje oan te bieden. Der binne politisy by, minsken fan de Keamer fan Keaphannel en maatskiplike organisaasjes. Se wolle dat it Ryk him hâldt oan de ôfspraken foar de Kompasjilden foar nei 2006.