Amper besikers ynfojûnen spoar

© Omrop Fryslân
Minsken dy't gjin ynformaasjekrante oer de Suderseeline krigen ha, kinne dat melde op de side www.zuiderzeelijn.nl. As by tefolle minsken de krante net besoarge is, komt der in twadde postronde.
Freed wie yn Dokkum de lêste fan fiif ynformaasjejûnen oer de Suderseeline. Mei elkoar ha in lytse tûzen Friezen de jûnen besocht. Foarsitter Alders fan de stjoergroep Suderseeline hie graach mear besikers hân, mar is wol tefreden.