Farm Friends súksesfol

© Omrop Fryslân
De Tanzaniaanske minister fan Lânbou hat fyftjin Fryske kij útrikt oan lytse boeren. De kij meitsje diel út fan it Fryske projekt Farm Friends. Kij út Tanzania wurde krúst mei de Fryske, sadat de it bêste fan beide rassen nei foaren komt. In ko dy't goed oer de waarmte kin en in soad molke jout.
De boer of boerinne dy't de ko krijt, moast earst wol oantoane dat er kundich is. Deputearre Bijman wie ek by de útrikking yn it fuotbalstadion.