Nije, bysûndere tinte yn Wommels

© Omrop Fryslân
De Stifting Terplûden yn Wommels hie freed in wrâldpremiêre. En wol fan in aktiviteitetinte. Shantykoaren mochten der as earste yn optrede. De tinte bestiet út in gruttte wein. Mei in hydraulysk systeem wurdt dêr in flier útteard. It opsetten en ôfbrekken fan de tinte kin yn in oere.
De stifting hat goed twa jier dwaande west om in ûnderdak foar eveneminten te realisearjen op de terp fan Wommels. Doel is mear libbenheid yn it doarp.