Húskewetter loaze tenei ferbean

© Omrop Fryslân
Wettersporters meie nei 2005 gjin húske- en goatstienwetter op it bûtenwetter loaze. Alle nije boaten moatte dan in smoarchwettertank hawwe. Besteande jachten hawwe oan 2009 ta de tiid om ien yn te bouwen.
It ôffalwetter kin lege wurde yn sammelstasjons yn jachthavens. Dêr binne der no 25 fan yn Fryslân. Dat moatte yn 2009 mear as hûndert wêze. In soad boaten hawwe wol in tank oan board, mar brûke dy faak net.