Feansters ferlieze fan Hilversum

© Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan It Hearrenfean ha har earste wedstriid freed yn 'e earedyvyzje ferlern. Yn Hilversum giene de Feansters mei 4-1 underút. By rêst wie de stân noch 1-1. It iennichste Fryske doelpunt kaam fan Tim Hof.
Trainer Erik Donker wie net ûntefreden oer de wedstriid. Hy spruts fan in hoopfol begjin fan 'e kompetysje. Hearrenfean spilet dit jier foar it earst yn har bestean op it heechste nivo fan de futsalkompetysje.