Etalaazjepop foar poppoadium

03 sep 2004 - 16:36

Drum 'n Bass yn de V&D, reggea by de Hema en metal yn in kleansaak. Dat wie tongersdei it byld op de Ljouwerter keapjûn. Fryske artysten spilen yn etalaazjes omdat se fine dat der gau in grut poppoadium komme moat.

Ljouwert is de iennige gruttere stêd yn it Noarden sûnder poppoadium. Der binne wol plannen foar de takomst, mar dy binne noch net konkreet. No't Ljouwert in Popakademy hat, kin de stêd net sûnder poppoadium.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)