Bernlef siket ferneamdste Fries

© Omrop Fryslân
Studinteferiening Bernlef yn Grins hat in list mei tachtich ferneamde Friezen opsteld. Mei yngong fan 10 septimber kin fia ynternet stimd wurde, sadat der úteinlik ien namme oerbliuwt. Der kin keazen wurde út ferskate kategoryen, lykas sport, polityk en kultuer. Bernlef fiert dit jier it 80-jierrich jubileum. De Grinzer studinteferiening docht dat mei tal fan kulturele en sportive aktiviteiten. Der binne op 't heden 200 leden.