'Lonsdaleferbod goed neilibbe'

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it Dockingakolleezje yn Dokkum hâlde harren aardich oan de nije kleanfoarskriften. Sûnt dizze wike jildt in ferbod foar rassistyske klean. Twa fan de 450 learlingen kamen der dochs mei op skoalle en moasten it útdwaan. Ek de âlden fan de betreffende bern ha begryp foar de saak.
Dochs krijt de skoalle ek skokkende reaksjes op de nije maatregel. Fierders kleie allochtoane learlingen oer skellerij en bedrigings.