Benaude fisken yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Fisken komme tongerdei massaal boppe wetter yn de grêften yn de Ljouwerter binnenstêd. De bisten dogge dat om't der te min suerstof yn it wetter sit. De krekte oarsaak derfan is net noch ûnbekend.
Neffens it Wetterskip Fryslân is der gjin sprake fan in yllegale loazing. Wol is dúdlik dat der te min streaming yn it wetter fan de stedsgrêften sit. Om dat te feroarjen hat it Wetterskip de slûzen by Harns iepenset.