Ek reinskea by leanbedriuwen

03 sep 2004 - 10:07

Net allinnich bouboeren, ek leanbedriuwen hawwe te lijen fan de wetteroerlêst yn Noardwest-Fryslân. Se misse trije wike wurk en dy omset wurdt net mear ynhelle, ferwachtet Johannes Joostema. Hy hat in leanbedriuw yn Minnertsgea en ek flink wat bunders lân mei ûnder oaren jirpels en sipels.

De sipels waarden tongersdei foar it earst fan it lân helle. Mar de prizen binne sa leech, dat se earst opslein en letter pas ferkocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)