Nije evenemintehal yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Boalsert krijt mooglik in grutte multyfunksjonele hal. Dy soe komme moatte op it terrein fan Laad en Zaad. De hal moat ynearsten plak biede oan de ponyclub De Hanzeruiters en oan de stâlen fan hynsteman Jan Bleeker. Der kinne ek beurzen en konserten yn, want sa'n foarsjenning hat Boalsert net.
Hynsteman Bleeker kaam mei it idee, om't er graach útwreidzje wol. De riedskommisje fan Boalsert bûcht him 14 septimber oer de plannen.