Mearderheid DS foar gasboarrings

© Omrop Fryslân
In mearderheid fan it provinsjebestjoer is foar it boarjen nei gas yn 'e Waadsee. Dat ha Deputearre Steaten tongersdei bekendmakke. Begjin april, flak nei it útkommen fan it rapport fan de kommisje-Meijer, wie in mearderheid fan it kolleezje noch tsjin boarjen.
VVD-deputearre Baas wie altyd al foar. Syn kollega's Bijman en Ploeg wiene tsjin, mar dy binne no om. Dat is yn striid mei it bestjoersakkoart, want dêryn is de provinsje noch tsjin.