Rjochtsaak tsjin Noordned

02 sep 2004 - 16:46

Yn Amsterdam tsjinnet tongersdei in rjochtsaak tsjin ferfierder Noordned. De Undernimmingsrie wol dêrmei ôftwinge dat der njonken direkteur Braam noch in twadde direksjelid komt. De ried fan kommisarissen hat dêrfoar âld-fakbûnsman Hoekzema oansteld. De UR wol no dat Hoekzema mear foech krijt.

It persoaniel en de UR hawwe earder it fertrouwen opsein yn Braam. De útspraak sil letter folgje, nei alle gedachten net tongersdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)