Baas: wer prate oer busferfier

© Omrop Fryslân
De Steaten moatte opnij prate oer de besunigings op it iepenbier ferfier, fynt deputearre Baas. It giet dan om de besunigings fan nei 2005, want dy fan takom jier stean al fêst.
Yn juny foel it beslút dat ferfiersbedriuwen 3 miljoen euro minder krije. Dat kostet goed 60 minsken har baan. Baas wol nochris besjen oft dat it júste beslút wie. Ek moat dúdlik wurde oft foar de jierren dêrnei alternativen binne foar de besunigings.