Ljouwert hâldt jild oer

© Omrop Fryslân
Ljouwert tinkt dit jier ôf te sluten mei in posityf risseltaat fan goed 2 miljoen euro. Dat stiet yn in tuskenrapport fan de gemeente makke oer de earste fiif moannen.
De gemeente hâldt mear jild oer as tocht. Dat komt troch it útstellen fan ynvestearrings fan bygelyks skoallen. It wurdt as negatyf sjoen dat beskikber jild net brûkt wurdt. De gemeente ûndersiket dat. Ek wurdt sjoen nei de húsfestingsproblemen fan de skoallen.