Frysk GGZ-gebou skoart goed

02 sep 2004 - 13:05

De GGZ Fryslân hat bettere gebouwen as ferlykbere ynstellings. Dat stiet yn in lanlik ûndersyk, hâlden troch it College Bouw Ziekenhuisverenigingen.

De Fryske GGZ sit 8 prosint boppe it lanlik trochsneed. De kwaliteit is omheechgien troch it opknappen fan besteande gebouwen en troch nijbou. Wol binne der saken dy't better kinne. Benammen de tagonkelikens foar rolstoelgebrûkers is by tal fan Fryske GGZ-gebouwen min.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)