Klacht by NMa tsjin Doeksen

02 sep 2004 - 11:34

In rederij yn Harns tsjinnet in klacht yn by de NMa tsjin rederij Doeksen. De oerfarder nei Skylge en Flylân soe misbrûk makke hawwe fan de monopoaljeposysje, sa fynt frachtferfierder Waddentransport.

Waddentransport wol gebrûk meitsje fan de steigers dy't mei it tij op en del gean. De gemeenten Harns, Flylân en Skylge en Rykswettersteat prate meikoarten ôf dat inkeld Doeksen dêr oanlizze mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)