De Schreeuw yn Snits 'opdûkt'

© Omrop Fryslân
It stellen skilderij De Schreeuw fan Munch is yn Fryslân opdûkt. It Frysk Skipfeartmuseum Snits soe it doek fan goed 60 miljoen euro ha. Alteast dat stiet op de webside fan it museum.
In publisiteitsstunt? Hackers ha de side fan it museum kreake en derop set dat De Schreeuw te sjen is. Lêsten waard it museum al warskôge dat de side maklik te kreakjen wie. Direkteur Ten Hoeve sjocht it as in grap. Hy is bliid dat der net yn syn museum ynbrutsen is.