Algra foar tichte Keamerdoar

© Omrop Fryslân
It nije befeiligingssysteem fan de Twadde Keamer hat sa syn neidielen. Sa stie it Fryske Twadde-Keamerlid Rendert Algra op de earste dei nei it reses foar de tichte doar, doe't er mei twa swiere tassen deryn woe.
De doarren gean net iepen by twa persoanen yn 'de slûs'. Dat is ynsteld mei in maksimumgewicht fan 120 kg. Algra kaam dêr mei syn twa swiere tassen boppe-út. Hy soe net de iennige wêze dy't foar de tichte doar stiet.