Keunstwurk by stoart Weperpolder

01 sep 2004 - 17:55

Op it eardere stoart Weperpolder by Easterwâlde wurdt freed in keunstwurk fan stiel fan Ids Willemsma ûntbleate. De ôfwurking fan it stoart is dan klear. De polder is sûnt 1994 net mear yn gebrûk as stoartplak.

Freed wurdt ek de nije namme fan de Weperpolder bekendmakke. De nije namme is keazen út in tal nammen dat omwenners ynstjoerd ha nei oanlieding fan in priisfraach dy't de gemeente útskreaun hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)