Noarden moat stipe fan Ryk hâlde

© Omrop Fryslân
It Noarden moat finansjele stipe út Den Haach hâlde. Dat is de ynstek fan de gearkomste fan it gearwurkingsferbân SNN. Oerheden, wurkjouwers, personiel, Keamers fan Keaphannel yn it Noarden wurkje gear om de kommende perioade de ekonomy yn it Noarden te ûntwikkeljen.
Yn 2006 falt de Kompasregeling foar it Noarden fuort. Projekten dy't mei Kompasjilden stipe wurde, hâlde dan op. De Twadde Keamer moat noch prate oer it skrassen fan de jilden.