Gearwurking kuorbalferienings

01 sep 2004 - 16:11

De kuorbalferienings Stânfries Reduzum en Marfûgels Grou wolle mear gearwurkje. Doel is it kuorbal yn Fryslân op heech nivo te hâlden. Stânfries spilet yn de earste klasse, Marfûgels komt út yn de twadde.

De gearwurking begjint dit seizoen. Oer oer in jier wurdt in topsportmodel ynfierd. Dan wurdt noch in klub oprjochte mei dêryn seleksjeteams fan senioaren, junioaren en aspiranten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)