Winkelsintrum yn Frijheidswyk

01 sep 2004 - 14:44

Der komt in nij winkelsintrum yn de Ljouwerter Frijheidswyk. De gemeente hat lang om let in ûndernimmer fûn dy't in supermerk iepenje wol. Yn it sintrum moat ek plak komme foar in wyksintrum, soarchfoarsjennings en skoallen. Dy steane no ferspraat troch de wyk.

De bewenners fine it spitich dat alle winkels út har wyk ferdwûn binne. It sintrum wurdt mei in supermerkketen en de beide wenningbouferienings boud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)