Poepjes nei EK damjen
Iepie Poepjes fan De Lemmer sil nei it Europeesk kampioenskip damjen yn Poalen. Se is ien fan de seis Nederlânske spylsters dy't oan it kampioenskip yn de stêd Mlawa meidocht. Dat plak leit 100 kilometer noardwestlik fan 'e haadstêd Warschau. It toernoai is fan 19 oant en mei 27 septimber.
Tanja Chub, ek út Nederlân, ferdigenet dêr har titel. It Europeesk Kampioenskip giet yn totaal oer njoggen omlopen.