Rap AWA wurdt soad beharke

01 sep 2004 - 13:12

Foar de rap fan Awa is op ynternet in soad belangstelling. Awa is de jonge út Ljouwert dy't in pear wike lyn syn eks yn de brân stuts. Neffens de site Geenstijl.nl der't it nûmer op stiet, is de rap 'Hoe kan dit' al goed 98.000 kear download. Yn de rap bekent AWA syn die en seit er dat er der spyt fan hat.

Soe in artyst safolle singles ferkeapje is dat goed foar platina. AWA stiet net as artyst ynskreaun en fertsjinnet der neat mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)