Eggens is riddere by ôfskied

© Omrop Fryslân
Boargemaster Eggens fan Dantumadiel is tiisdei by syn ôfskie riddere. Hy hat de ûnderskieding "Ridder in de orde van Oranje Nassau krigen". Eggens giet mei de VUT. Hy wie acht jier boargemaster. Djiptepunt yn syn karriêre neamt er de moard op Marianne Vaatstra.
Eggens wurdt opfolge troch Arie Aalberts. Hy is de earste boargemaster yn Nederlân dy't fia in advertinsje oan syn baan kommen is. Eggens ferhuzet werom nei Oerisel. Dêr komt er ek wei.