Lang om let kuierpaad yn Dronryp

© Omrop Fryslân
De wenwyk Fûgellân yn Dronryp krijt in kuierpaad. Dêrfoar moat in nije flapbrêge komme oer in sydfeart fan it Van Harinxmakanaal. De wenwyk is yn 1996 oanlein. Doe wie al in paad pland.
Der komme ek foarsjennings foar handikapten dy't yn de sydfeart fan it kanaal fiskje wolle. Bewenners mei in boatsje moatte rekken hâlde mei wurksumheden. Se kinne fan ein septimber ôf in pear wiken lang net op iepen wetter komme.