Ryk ferantwurdlik foar spoar

31 aug 2004 - 16:40

It Ryk moat ferantwurdlik wêze foar it spoar Ljouwert-Grins. Dat advys stiet yn in rapport fan de rie foar ferkear en wettersteat. Dy advisearet de minister. Neffens de advysried heart it spoar tusken de haadstêden by it saneamde Haadrailnet. Dat binne wichtige ferbinings tusken ekonomyske sintra en regio's.

In pear jier lyn krigen de provinsjes Fryslân en Grinslân it foech oer it spoar tusken Ljouwert en Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)