Aksje tsjin sluting swimbad Grou

31 aug 2004 - 16:40

Yn swimbad De Twine yn Grou kinne tiisdei de lêste baantsjes swommen wurde. Boarnsterhim hat besletten it bûtenswimbad te sluten. Yn plak fan it 25 meter-bad komt in oar bad dat in stik lytser is. De sluting fan it grutte bad ropt in soad wjerstân op.

It aksjekomitee de Brede Zwembad Commissie neamt it nije bad net mear as in pierebad dat allinnich geskikt is foar lytse bern. De kommisje komt 14 septimber noch in kear yn aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)