Mooglik aksjes by Caparis

© Omrop Fryslân
By de sosjale wurkfoarsjenning Caparis wienen tiisdei aksjebyienkomsten organisearre. Dat barde neidat de CAO- ûnderhannelings moandei fêstrûn binne.
De fakbûnen wolle ûnder oare dat de eigen bydrage fan de wurknimmers foar it wen-wurkferkear ferfalt en dat der in kompensaasje komt foar hegere syktekostepreemjes. De wurkjouwers sizze gjin jild te hawwen. As der 16 septimber gjin akkoart is, folgje aksjes.