Koga Myata wreidet út

© Omrop Fryslân
It fytsefabryk Koga Myata op It Hearrenfean wreidet it produksje- assortimint út. Oant no ta produsearre it bedriuw allinnich fytsen. Fan takom jier ôf komme dêr ek fytskarren by. Doel is om it assortimint yn de takomst út te wreidzjen mei produkten dy't mei fytsen te krijen hawwe.
Tiisdei waard bekend dat it ôfrûne seizoen foar Koga Myata it bêste west hat yn it bestean. De Amerikaanske merk wurdt hieltyd belangriker.