Gearwurking GGZ en Arbo Unie

© Omrop Fryslân
De GGZ Fryslân en de Arbo Unie sille mear mei-elkoar oparbeidzje om de helpferliening oan wurknimmers mei psychyske problemen tagonkliker te meitsjen. Tenei moat personiel dat by de bedriuwsarts komt mei problemen lykas in burnout gauwer holpen wurde.
GGZ Fryslân helpt no jierliks in 400 minsken mei psychyske problemen troch it wurk. Wierskynlik binne der mear. In bettere gearwurking moat de drompel leger meitsje.