Helder wol stipe foar needopfang

31 aug 2004 - 12:18

Wethâlder Karel Helder wol graach dat oare gemeenten en de provinsje meibetelje oan de needopfang foar útprosedearre asylsikers yn Wytmarsum. De gemeenteried fan Wûnseradiel lûkt sels op 'e nij 20.000 euro út foar it opheinen fan 100 útprosedearre flechtlingen, mar kin dat net allinnich beteljen bliuwe.

Omdat de needopfang in súkses is, moat der ek mear stipe komme fan oare oerheden, sa fynt Helder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)