Ynformaasjemerk Suderseeline los

31 aug 2004 - 11:45

Op It Hearrenfean is moandei de earste ynformaasjemerk op de Suderseeline begûn. Op dy merk wurde de ferskate farianten fan 'e spoarline op in rychje set. Op de merk binne alle treintypes en -trajekten te sjen en te hearren.

De ynformaasjemerk komt letter ek noch yn Snits, Drachten, Ljouwert en Dokkum, dêrnei kin der ek noch meipraat wurde op ferskate ynspraakjûnen. Op de earste middei op It Hearrenfean wie aardich wat belangstelling foar de merk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)