Besunigings treffe kultuer

31 aug 2004 - 10:27

Ek de Fryske keunst en kultuer sil yn 2005 te lijen ha fan besunigings troch de oerheid. It ûndersyksburo Berenschot hat op in rychje setten wat de konsekwinsjes binne. Neffens direktrise Waale fan Keunstwurk jout dat noch in slimmer byld as wat se tocht hie. Waale ferwachtet oer de hiele breedte in ferskraling yn de keunstwrâld. Neffens buro Berenschot sil der takom jier lanlik 6000 banen ferdwine, en moat der 59 miljoen euro besunige wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)