Banen troch skulden

© Omrop Fryslân
De Gemeenschappelijke Kredietbank yn Ljouwert (de GKB) hat sân minsken ekstra yn tsjinst nommen. Dat is om elkenien helpe te kinnen dy't mei skulden by de bank oankloppet.
It oantal minsken dat by de GKB om help freget, is folle grutter as tocht. Yn 2002 gie it om goed 1200, dit jier giet it nei alle gedachten no al om 1900 minsken. Dat betsjut dat gemeenten ek mear meibetelje moatte.