"Tsjerken moat polityk aktiver"

30 aug 2004 - 12:30

Tsjerken en har leden moatte har folle aktiver bemuoie mei de polityk. Dat ferwachtet de polityk sels ek, sa waard dúdlik op in foarumdiskusje snein yn Boalsert. Dêr waard de twadde Fryske Tsjerkedei hâlden.

Trije leden fan de Twadde Keamer mochten har útsprekke oer wat sy fan 'e tsjerke ferwachtsje. It gong om de keamerleden Huizinga fan de Christen Unie, Smilde fan it CDA en De Vries fan de PvdA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)