Tredde titel foar Sjoukje Tjalma

29 aug 2004 - 13:15

Sjoukje Tjalma helle sneon op it Nasjonaal Kampioenskip Fierljeppen op it Heidenskip har tredde titel, mei in sprong fan 14.34 meter. By de senioaren gie de titel net nei in Fries. Pieter Verwey fan Linschoten ljepte 18 meter en wie dêrmei de bêste.

Yn de junioareklasse foel de striid tusken Cor Brouwer en Hannes Scherjon út yn it foardiel fan Scherjon mei 17.81 meter. En by de jonges waard Bart Holtrop út Winsum kampioen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)