Gerieke de Groot nei haadklasse

28 aug 2004 - 16:54

Haadklasse-keatsers Afke Hylkema en Gejanne Buma hawwe Gerieke de Groot frege foar harren partoer. Gerieke komt yn it plak foar Wiesje van der Berg, dy't ophâldt mei keatsen. As opfolger sirkulearre ek noch de namme fan Debora Oosterman.

De kar foar Gerieke wie ferrassend om't se noch mar 16 is en noch net by de haadklasse keatst. Dochs wurdt se sjoen as in grut talint. Op it heden hat Gerieke noch lêst fan in rêchblessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)