Guozzen pas gedoge by draachflak

© Omrop Fryslân
Der komme allinnich gedoochgebieten foar guozzen, as der draachflak foar is ûnder de boeren. Dat hat it de provinsje bekendmakke om de ûnrêst ûnder de boeren fuort te nimmen.
In protte boeren meitsje har soargen omdat de fergoeding foar it opfangen fan guozzen op har lân noch net dúdlik is. Boppedat moatte ek de gebieten noch oanwiisd wurde. De provinsje moat foar 1 oktober 30.000 bunder greide oanwize dêr't de guozzen foerazjeare kinne.