Oankomst seekayakken earder

© Omrop Fryslân
De dielnimmers oan de Alvestêdetocht mei seekayakken kamen sneontemiddei earder as ferwachte oan yn Frjentsjer. Dêr begûnen se freed ek oan har mear as 200 kilometer lange tocht.
De organisaasje hie tocht dat de kanoërs troch min waar pas tsjin trijen werom wêze soene. Mar dat waard om healwei twaën hinne. It waar wie ferbettere. Fan de 16 dielnimmers binne der trije útfallen.