Wiersma tredde yn Brabân

28 aug 2004 - 15:26

Frank Wierstra fan Burgum hat him yn de earste etappe fan de West-Brabantse Pijl foar junioaren goed sjen litten. Nei 91 kilometer tusken Steenbergen en Nieuw Vossemeer waard Frank tredde.

Cornelius van Ooijen wie de rapste fan de 16 man sterke kopgroep. Sneon stie der in tiidrit en in etappe op it programma. Snein folget dan noch in omloop oer 122 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)