Pipermuntfabryk Snits te keap

© Omrop Fryslân
It pipermunt- en kaugomfabryk yn Snits stiet te keap. Dat hat fiedingskonsern CSM freed bekendmakke. It giet net goed mei CSM en de ferkeap fan 'e snobbersguodfabriken soe in soad jild opsmite moatte.
It fabryk yn Snits is bekend fan merken lykas Rang en King. Noch gjin jier lyn is yn Snits in nije kaugomfabryk yn gebrûk nommen. By it fabryk yn Snits, dy't op himsels goed draait, wurkje 180 minsken.