Grutte hasjfangst boppe Flylân

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitenacht op see in grutte partij hasj ûnderskept. Dat barde boppe Flylân. Trije opfarenden fan in Frânsk syljacht binne dêrby oanholden. De boat hie 2100 kilo hasj oan board.
De drugs ha in wearde fan tsien miljoen euro. De fynst waard dien by in reguliere mienskiplike kontrôle fan de wetterplysje, de Keninklike Marechaussee en de Douane. It skip foel op om't it sa djip lei.