'Hall of Fame' by Aldehou

© Omrop Fryslân
By de Aldehou yn Ljouwert moat in 'Hall of Fame' komme fan bekende Friezen, lykas Mata Hari, Jopie Huisman en Escher. Besikers kinne dêr dan ek de Alvestedetochten neibelibje yn in 'rûnom-film'. De stifting Mata Hari hat dêrfoar plannen ûntwikkele yn gearwurking mei gemeente en provinsje.
De nijbou wurdt 50 by 13 meter grut en maksimaal 12 meter heech. Trije projektûntwikkelders wurkje de plannen út. Ein dit jier wurdt dan in kar makke.